App Bus fol Ferhalen

Op 17 maaie is de nije app ‘Bus fol ferhalen’ op it busstasjon yn Ljouwert de wrâld ynstjoerd. Mei dy app kinne reizgers fan busline 66 (Ljouwert-Holwert/pier) ûnder harren busrit ynformaasje oer de skiednis, gebouwen, persoanen en nijsgjirrige saken fan Noardeast-Fryslân sjen. De app is it ferfolch op de fyftjin boekebussen dy’t yn 2015 yn Fryslân rieden.

De bus falt wol op: hy is beplakt mei it swart-wite logo fan ‘Bus fol ferhalen’. Ûnder it riden biedt de app ferskate ferhalen, filmkes en foto’s oer it gebiet oan. It giet om in pilot dy’t rint oant 1 novimber 2017. De app wurket fia GPS, mar kin ek bûten dat gebiet rieplachte wurde. Doel fan it projekt is om it reizgjen noch nofliker te meitsjen en reizgers de omkriten op in oare wize belibje te litten.

De app is it ferfolch op it boekeprojekt ‘Bus fol ferhalen’ yn 2015. Yn fyftjin bussen koene reizgers ûnder harren reis in boek lêze.

Laat een reactie achter