Fryslân siket in Dichter fan Fryslân

Wa wurdt de earste Dichter fan Fryslân? De dichter wurdt frege om yn dichtfoarm te reagearjen op wat der hjoed-de-dei yn Fryslân spilet. De earste Dichter fan Fryslân wurdt op freed 24 novimber 2017  bekend makke.

Wêr wurde wy stil fan? Wat docht ús hert bûnzjen? Wêr wurde wy domwei lilk oer? Wat stimt ta neitinken? Mei de Dichter fan Fryslân sille persoanlike, mar ek algemien-maatskiplike ûnderwerpen út de aktualiteit by in grut publyk, yn dichtfoarm, yn it omtinken brocht wurde.

Oanmelde
Kandidaten kinne harren oant en mei 10 septimber 2017 oanmelde fia
fryslansiket@dichterfanfryslan.nl of fia de website www.dichterfanfryslan.nl.

In sjuery, besteande út Tamara Schoppert, Obe Alkema en Peter van Lier, beslút úteinlik wa’t de kommende twa jier de titel Dichter fan Fryslân drage mei.

De Dichter van Fryslân skriuwt seis oant tsien gedichten jiers by in sels keazen gelegenheid of aktueel barren. De dichter kriget dêrfoar in fêste fergoeding fan € 2.500,- jiers en € 250,- foar elk gedicht. De beneaming is foar twa jier.

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt troch de Afûk útfierd. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in grutter publyk mear oandacht foar de keunstfoarm poëzy freegje.

Laat een reactie achter