• Marit de Schiffart heeft een update geplaatst in de groep Groepslogo van Frysk yn it fuortset ûnderwiisFrysk yn it fuortset ûnderwiis 6 jaar, 7 maanden geleden

    NIJ! Searje 36 – klasse 2 ‘Doch & Lear’
    Efter de skermen wurdt der troch Afûk, Cedin en dosinten Frysk hurd wurke oan de nije line foar klasse 2. ‘Doch & Lear’ hat in hiele oare opset as dat jim wend binne. De learlingen wurkje troch it jier hinne oan ‘Lear’ wêryn’t sy selsstannich (of klassikaal, dat is oan ‘e dosint) wurkje kinne oan stavering, grammatika en tiidwurden. Yn ‘Doch’ wurkje de learlingen meiïnoar oan in einprodukt. In projektmjittige opset wêr’t dosinten en learlingen mei elkoar 4 of 5 projekten útkieze kinne dy’t harren nijsgjirrich talykje. In eigen magazine meitsje, in muzykprojekt, in skiednis projekt as Royal Friesian, in taalsosjology projekt en noch folle mear. Nei de simmerfakânsje begjint it pilotjier, dosinten dy’t nijsgjirrich binne kinne hjir fergees oan mei dwaan!