De aventoeren fan Oebele en Abele. Fryske Frijbûtsers.

Ofrûne wykein is it stripboek De aventoeren fan Oebele en Abele. Fryske Frijbûtsers presintearre yn Stiens. It ferhaal spilet him ôf yn de tiid fan de Fryske Frijheid en giet oer de tiid krekt foar de Slach by Warns yn 1345. De styl fan it stripboek is ynspirearre troch Asteriks en Obelix. Neist dat der in soad histoaryske ynformaasje yn stiet, stiet it boek ek fol mei grapkes. Sa spylje bekende Friezen, of better sein foarâlden fan bekende Friezen in rol yn it boek: de bruorren Ankersma, Paulus Pietersma, Geert Makkinga en Chris Wassenaar, om mar in pear te neamen, en wurdt der mei in fette knypeach útlein wêr’t bepaalde Fryske tradysjes weikomme.

oebele-en-abele_-omslach-frysk_-web

It stripboek is útjûn yn it ramt fan de Fryske Kanon. Binnen de Kanon besykje wy hieltyd om de Fryske skiednis op in oantreklike wize foar it fuotljocht te bringen: mei filmkes, mei teater, mei dochopdrachten en ferhalen. Doe’t yllustrator Aart Cornelissen goed oardel jier lyn by ús kaam mei it idee om in stripboek te meitsjen oer in histoarysk ûnderwerp, wiene wy dus ek gelyk entûsjast. Yn earste ynstânsje soe it in ferhaal oer de Twadde Wrâldoarloch wurde, mar om’t wy mei Verzetsmuseum Fryslân ek al dwaande wiene mei de Fryske oersetting fan De Ontdekking fan Eric Heuvel, like ús dat wat dûbelop. It twadde ûnderwerp op it winskelistke fan Aart wie de Fryske Frijheid en dêr binne wy dus ek fierder mei gien.

Nei oardel jier hurd wurkjen fan benammen Aart syn kant, want der komt in soad histoarysk ûndersyk by te sjen, is it stripboek der no dus.

Foar de presintaasje woene wy it leafst wat mei ien fan de bekende Friezen dy’t ek yn it boek foarkomt. Doe’t wy in skoft werom in petear hiene mei Simon Minnesma, âld-keatser en de driuwende krêft achter de jeugdkeatsoplieding Stichting Score, en doe’t hy fertelde dat hy wer allerhande keatskampen organisearje soe, wiene wy der gau út: it boek wurdt oanbean oan Chris Wassenaar op ien fan de keatskampen yn Stiens. Goed tachtich bern yn de leeftiid fan 11-16 jier binne dêr dan it hiele wykein oan it keatsen. Wer ris wat oars as op in skoalle en mei in moaie link nei ien fan de sênes yn it boek.

de útrikking

Der wurdt sein dat der hieltyd minder Frysk lêzen wurdt troch de jeugd. Benammen de media brûke dat as in soarte fan mantra en it wurdt as in fêststeand feit presintearre, mar is it ek sa? Yn fergeliking mei wat en wannear? Ut in folslein net-represintative stekproef by my op it wurk komt nei foaren dat it grutste part fan myn kollega’s amper of gjin Fryske boeken lêzen hat doe’t se jong wiene, op skoalle net en thús net. En as it al ris barde dan wie it meastal dat iene boekje út de sutelkroade dat beppe kocht hie of in boekje dat op skoalle foarlêzen waard. Wat opfalt is dat wat jonger de kollega’s binne, wat mear se oanjouwe dat se wol Fryske boeken lêzen hawwe op skoalle of thús. It grutste part fan de jeugd op it keatskamp draait er syn hân yn alle gefallen net foar om. Frysk lêze wie by de measte bern gjin probleem. Ik jou ta, dizze bern komme meastal fan in doarp en binne Frysktalich grutbrocht, mar dochs. Se hawwe Frysk op skoalle hân en lêze wol faker in Frysk boek. Der wie ien dy’t frege oft der ek in Nederlânske ferzje wie en dat wie in heit…. En ja heit, dy Nederlânsktalige ferzje, dy is der ek.

Chris dielt hantekening út

De Aventoeren fan Oebele en Abele is foar 5,95 te krijen yn de boekhannel (ek yn it Nederlânsk).

Mirjam Vellinga 30 april 2015

Laat een reactie achter