Evenementen

Organiseer je een activiteit of evenement? Of heb je een interessant uitnodiging ontvangen die je wilt delen met de leden op Stream? Maak dan een evenement via de knop Maak een evenement aan. Voeg, indien van toepassing, ook de groep toe waar je evenement onder valt.


Vragen? Neem contact op via opdestream@fryslan.nl


Maak een evenement aan
Laden Evenementen

« Alle Evenementen

  • Dit event is voorbij.

Poëzijskriuwe foar begjinners

18 oktober 2017  19:30 - 13 december 2017  21:30

€75,00

Poëzij Dichter en essayist Abe de Vries is ien dy’t yn heldere taal oer poëzij prate kin. Dat makket him útsoarte kwalifisearre om begjinnend talint paadwiis te meitsjen by it skriuwen fan poëzij. Nei syn idee is dat foar in grut part ambacht, in fak dat je leare kinne. Kursus fan fiif jûnen.

Mear ynformaasje Sjoch foar mear ynformaasje oer de kursussen, ek oer de wize fan opjaan, beteljen en falbiledata: sirkwy.frl. Wachtsje net te lang. By oeryntekening is der in wachtlist. Jo kinne ek kontakt opnimme mei kontaktpersoanen Petra Bierma, Marja de Graaf of Wieke de Haan. Skilje mei tillefoannûmer resp. 058 – 789 0 740, 058 – 789 0 792 of 058 – 789 0 767, of stjoer in e-mail nei ynfo@tresoar.nl . Nei oanmelding krije jo de betellingsgevens.

Poëzijskriuwe foar begjinnend talint – Abe de Vries Gjin moaiere skriuwerij as dichtsjen! Troch te boartsjen mei taal kinne der rigels op papier komme dy’t knetterje, ferliede, meinimme. De begjinnende dichter kin de kâns dêrop grutter meitsje troch te betinken: dichtsjen is foaral ambacht, 10 persint ynspiraasje en 90 persint transpiraasje. Fia diskusje, it lêzen fan gedichten en it sels skriuwen derfan wurde de earste stappen set op it paad fan it dichterskip. Foar de wat betûftere dichters kin de kursus ferbreding en ferdjipping jaan. Oanmelding uterlik 10 oktober op emailadres ynfo@tresoar.nl. of telefoanysk by Petra Bierma of Marja de Graaf, nrs. resp. 058 – 789 0 740 of 058 – 789 0 792. Fermeld namme, adres, telefoannûmer. Kursusdata: woansdei 18 oktober, 1, 15 en 29 novimber en 13 desimber fan 19.30-21.30 oere. Kosten € 75,–

Abe de Vries hat sân Frysktalige dichtbondels publisearre, wêrûnder it yn 2005 mei de Gybert Japicxpriis bekroane In waarm wek altyd (2004), en ûnderskate blomlêzingen fan Fryske poëzij. Ek hat er Nederlânsktalige poëzij besprutsen foar de Contrabas. Hy is dêrneist poëzijkritikus foar it Friesch Dagblad en esseeskriuwer. Biografyske skets op sirkwy.frl

Locatie

Tresoar
Boterhoek 1
Leeuwarden, Fryslân 8911DH Nederland
+ Google Maps
Telefoon:
058 - 789 0 740
Website:
http://www.sirkwy.frl/index.php/kursussen/762-literere-kursussen-by-tresoar-neijier-2017

Laat een reactie achter