• Ate Grijpstra heeft een update geplaatst in het project Groepslogo van Lês NoLês No 4 jaar, 6 maanden geleden

    It projekt Lês No: Krús fan de Hollanner is ein maart 2015 evaluearre middels in online fragelist foar learlingen en dosinten. De 5 dosinten dy’t de fragelist ynfolle hawwe wienen tige posityf oer Lês No. Dêrneist wie it sa dat sa’n 400 learlingen de enkête ynfolle hawwe. Mear as 75 prosint fan harren joech it boek en it lesmateriaal in sifer tusken de 6 en de 10. Fierders jout sawat 75% oan dat se no flotter Frysk lêze kinne en sawat 45% dat se (faaks) wol wer ris in Frysk boek lêze sille.