• Janke Singelsma heeft een update geplaatst in het project Groepslogo van Observatie-instrument FriesObservatie-instrument Fries 5 jaar, 2 maanden geleden

    Frege: dosinten Frysk (ûnderbou fuortset ûnderwiis)

    In diskusje fiere, oerlizze mei elkoar, in ynterview hâlde of bygelyks in resinsje skriuwe oer in boek of film. It binne feardichheden, dy’t foarkomme binnen it domein ‘Yn petear, Praten en Skriuwen” yn it kurrikulum Frysk.
    Binnen it lektoraat Taalgebruik en Leren wurdt der wurke oan it ûntwikkeljen fan observaasje-ynstruminten om dit proses by learlingen út de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis te folgjen.
    It giet hjirby om metoade-ûnôfhinkelike ynstruminten.
    In nijsgjirrich proses, dêr’t wy de help fan dosinten Frysk by nedich hawwe.

    Wat is de taak
    • Tegearre mei oare dosinten Frysk en ûndersikers fan it lektoraat 2 nije ynstruminten ûntwikkelje
    • Tegearre mei oare dosinten Frysk en ûndersikers fan it lektoraat besteande ynstruminten út it primêr ûnderwiis oanpasse oan it fuortset ûnderwiis
    • Utprebearjen fan de ynstruminten yn de klasse

    Belangstelling?
    Stjoer in mailtsje nei Maaike Pulles fan it lektoraat Taalgebruik en Leren: m.pulles@nhl.nl
    Ek foar fragen kinne jo by har terjochte.

    Ta beslút
    De ynset sil sa’n 20-30 oeren wêze en der is in fergoeding foar jo ynset.