Informatie

Naam

Wim de Boer

Omschrijving

Haad ûnderwiis Afûk

De Afûk makket tegearre mei it lektoraat Taalgebruik en Leren in digitale omjouwing foar taalûndersyksprojekten yn it basisûnderwiis. Foar dizze wize fan taalûnderwiis wurkje de Afûk en NHL al langer tegearre. In soad basisskoallen yn Fryslân hawwe bygelyks koartlyn noch meidien oan it projekt “Feest”. Doel fan it projekt is om dosinten te stypjen by it ûntwerp fan it ûndersyks- of ûntwikkeltrajekt. De ICT biedt dêrby in soad nije mooglikheden, lykas ûntwerphelp en in soad boarnen.
By de Afûk wurdt ek yn gearwurking mei in oantal oare partijen, lykas mei Cedin en de lektoraten fan Stenden en NHL wurke oan in evaluaasjeststeem foar it Frysk en in digitale opfolger foar de metoade Frysk yn it primêr ûnderwiis.