Literêre kursussen, hjerst 2017

It nije kursusoanbod literatuer fan Tresoar foar it neijier2017 stiet op de literatuerwebside Sirkwy. It programma bringt in ryk ferskaat, sawol yn sjenres as yn dosinten. In koart oersjoch; mear ynformaasje op sirkwy.frl

Poëzij Dichter en essayist Abe de Vries is ien dy’t yn heldere taal oer poëzij prate kin. Dat makket him útsoarte kwalifisearre om begjinnend talint paadwiis te meitsjen by it skriuwen fan poëzij. Nei syn idee is dat foar in grut part ambacht, in fak dat je leare kinne. Kursus fan fiif jûnen. (Nr 1.)

Proaza – roman Jetske Bilker is romanskriuwster yn ieren en sinen mei in goede technyk fan plot en opbou. Dêrom begjint se dit jier mei in kursus oer it ûnderwerp: hoe skriuw ik in roman? Wurkje oan in roman ferget oare kwaliteiten as it skriuwen fan in ferhaal. Sy sil yn koart bestek de basisprinsipes behannelje en mei de kursisten oefenje. (Nr 2.)

Mear ynformaasje Sjoch foar mear ynformaasje oer de kursussen, ek oer de wize fan opjaan, beteljen en falbiledata: sirkwy.frl. Wachtsje net te lang. By oeryntekening is der in wachtlist. Jo kinne ek kontakt opnimme mei kontaktpersoanen Petra Bierma, Marja de Graaf of Wieke de Haan. Skilje mei tillefoannûmer resp. 058 – 789 0 740, 058 – 789 0 792 of 058 – 789 0 767, of stjoer in e-mail nei ynfo@tresoar.nl . Nei oanmelding krije jo de betellingsgevens.

Kursusposter literatuer 2017 Sirkwy

 

Wat hâlde de kursussen yn?

Nr 1 Poëzijskriuwe foar begjinnend talint – Abe de Vries Gjin moaiere skriuwerij as dichtsjen! Troch te boartsjen mei taal kinne der rigels op papier komme dy’t knetterje, ferliede, meinimme. De begjinnende dichter kin de kâns dêrop grutter meitsje troch te betinken: dichtsjen is foaral ambacht, 10 persint ynspiraasje en 90 persint transpiraasje. Fia diskusje, it lêzen fan gedichten en it sels skriuwen derfan wurde de earste stappen set op it paad fan it dichterskip. Foar de wat betûftere dichters kin de kursus ferbreding en ferdjipping jaan. Oanmelding uterlik 10 oktober op emailadres ynfo@tresoar.nl. of telefoanysk by Petra Bierma of Marja de Graaf, nrs. resp. 058 – 789 0 740 of 058 – 789 0 792. Fermeld namme, adres, telefoannûmer. Kursusdata: woansdei 18 oktober, 1, 15 en 29 novimber en 13 desimber fan 19.30-21.30 oere. Kosten € 75,–

Abe de Vries hat sân Frysktalige dichtbondels publisearre, wêrûnder it yn 2005 mei de Gybert Japicxpriis bekroane In waarm wek altyd (2004), en ûnderskate blomlêzingen fan Fryske poëzij. Ek hat er Nederlânsktalige poëzij besprutsen foar de Contrabas. Hy is dêrneist poëzijkritikus foar it Friesch Dagblad en esseeskriuwer. Biografyske skets op sirkwy.frl
Nr 2 In roman skriuwe – Jetske Bilker Foar it skriuwen fan in roman moatte je oer trochsettingsfermogen beskikke en tiid frijmeitsje wolle. Troch dizze kursus krijst hanfetten om mei dyn ideeën oan de gong te gean en der in rinnend ferhaal fan te meitsjen, mei in kop en in sturt. Foar’t de kursus begjint lêst elk itselde boek. Oan de hân hjirfan besprekke we de fundaminten fan in roman om dernei oan ús eigen roman te wurkjen.   Yn fiif jûnen komme û.o. oan bod: spanning oanbringe en deryn hâlde; goede dialogen skriuwe en personaazjes delsette.  De lessen besteane út tips en teory én it besprekken fan inoars wurk. It is dêrom in eask dat elke kursist bestannen trochmaile kin. Oanmelding uterlik 11 oktober by Petra Bierma of Marja de Graaf, telefoanysk resp. 058 – 789 0 740 of 058 – 789 0 792, of op emailadres: ynfo@tresoar.nl. Fermeld namme, adres, telefoannûmer. Data Kursusdata  tongersdei 2, 9, 16 en 30 novimber en 14 desimber fan 19:30 – 21:30 oere. Kosten € 75,-. Jetske Bilker skriuwt proaza, har lêste roman is It libben fan in oar út 2012. Se wie proazakritikus fan de Ljouwerter Krante en it literêre tydskrift Trotwaer en redigearre romans en ferhalen foar útjouwers en literêre tydskriften. Biografyske skets op Sirkwy.

 

Laat een reactie achter