Subsydzje mienskipprogramma Lân fan taal beskikber

Organisaasjes kinne fan 4 oktober oant en mei 1 novimber 2017 wer in oanfraach foar it mienskipprogramma fan Lân fan taal yntsjinje. It subsydzje is foar op it publyk rjochte produksjes op it mêd fan meartaligens beskikber. Mei it subsydzje wol de provinsje Fryslân fernijende projekten op it mêd fan meartaligens, taal en/of it Frysk stimulearje. Elke keunstdisipline en elke lokaasjes yn ‘e provinsje is tastien.

Foar grutte kulturele produksjes is maksimaal € 25.000,- beskikber. De oanfragen fan de grutte produksjes wurde troch in kommisje beoardiele. It giet dan om maksimaal € 5.000,- it projekt. Foar lytse kulturele produksjes is der op syn heechst € 5.000,- beskikber. De oanfragen foar de lytse produksjes wurde op folchoarder fan ynkommen takend. It subsydzjebedrach foar in lyts projekt is € 500,-.

De oanfragen dy’t takend wurde, meitsje diel fan it programma fan Lân fan taal yn 2018 út. Yn de earste twa subsydzje-omgongen binne al 21 projekten oan de programmearring fan Lân fan taal tafoege.

Lân fan taal

Lân fan taal makket diel fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 út en wurdt troch de provinsje sels oanfierd. It programma fiert de taal yn al har fasetten. By alle aktiviteiten, foarstellings, eksposysjes en ynstallaasjes stiet meartaligens foarop, mei it Frysk as paradehynder. Lân fan taal is in gearwurking fan Afûk, Explore the North, Fryske Akademy, gemeente Ljouwert, Historisch Centrum Leeuwarden, Keunstwurk, Neushoorn, Omrop Fryslân, provinsje Fryslân, Rijksuniversiteit Groningen, Tresoar en Tryater.

Mear ynformaasje oer de subsydzjeregeling is te finen op de provinsjale webside. Mear witte oer Lân fan taal? Sjoch op de webside fan Lân fan taal: www.lanfantaal.frl

 

Laat een reactie achter