Gysbert Japicxpriis foar Eppie Dam

Deputearre Sietske Poepjes hat op sneon 14 oktober de Gysbert Japicxpriis oan Eppie Dam útrikt yn de Martinitsjerke yn Boalsert. Eppie Dam kriget de 35e Gysbert Japicxpriis foar de dichtbondel ‘Fallend ljocht’. De 15e poezijbondel fan Eppie Dam is in persoanlike bondel oer ôfbrek en ferlies. Ofbrek en ferlies fan libben mar ek fan leauwen.

Eppie Dam is in alsidich skriuwer foar jong en âld. Hy is njonken dichter en skriuwer, ek oersetter en poëzyresinsint. Earder wie hy learaar yn it basisûnderwiis. Sûnt syn debút yn 1978 publisearre hy ferskate boeken. Neist poëzy skriuwt Eppie Dam ek ferhalen, berneboeken en lietebondels.

Fan herte lokwinske!

 

 

Foto kolleksje Tresoar/Haye Bijlstra

Laat een reactie achter