Evenementen

Organiseer je een activiteit of evenement? Of heb je een interessant uitnodiging ontvangen die je wilt delen met de leden op Stream? Maak dan een evenement via de knop Maak een evenement aan. Voeg, indien van toepassing, ook de groep toe waar je evenement onder valt.


Vragen? Neem contact op via opdestream@fryslan.nl


Maak een evenement aan
Laden Evenementen

« Alle Evenementen

  • Dit event is voorbij.

Digitale Toets Lêsbegryp Frysk 2016

14 maart 2016 - 15 april 2016

Gratis

Bêste basisskoallen yn Fryslân!

Foar de ûntwikkeling fan Toetsen Lêsbegryp Frysk hawwe wy jim nedich! Wy meitsje digitale toetsen foar groep 5, 6, 7 en 8 foar it nije folchsysteem GRIP (sjoch ek: http://www.grip.frl). Dit systeem meitsje wy mei de Afûk, Cedin en in oar lektoraat yn opdracht fan de Provinsje Fryslân foar jim as skoallen yn Fryslân. Foar’t wy de toetsen útbringe kinne, moatte wy de toetsen wol goed útprobearje. Dêrnei kinne wy dan fêststelle dat de toetsen ek dat mjitte wat se mjitte moatte neffens it ûntwerp. As jim meidogge krije jim fan ús de resultaten fan jim learlingen tastjoerd. Dizze resultaten wurde troch ús anonym holden en beskermd, en wurde allinnich mei namme nei jim eigen skoalle ta stjoerd.

Jim kinne meidwaan tusken 14 maart en 15 april 2016. Graach s.g.m. opjaan fia jurjen.kingma@nhl.nl, mar úterlik foar 1 febrewaris 2016. Jim krije dan ynlochkoades en in hantlieding tastjoerd. Wy hoopje dat sa folle mooglik skoallen yn Fryslân meidogge, sadat wy dêr ek in sa akuraat mooglike noarmearring op basearje kinne. Jim soenen ús enoarm helpje!

Gegevens

Begin:
14 maart 2016
Einde:
15 april 2016
Kosten:
Gratis
Evenement Tags:
, ,
Website:
http://www.grip.frl

Laat een reactie achter