GRIP Meartaligens, in stap foarút

GRIP krije op de meartalige ûntjouwing fan learlingen… dat wie eins wol de wichtichste reade tried op it ûnderwiiskongres (22 april) fan it ‘Konsortium’. Dat is de klub dy’t ienriedich oparbeidet yn Fryslân as it giet om de meartalige learline ‘fan pjut oant promovendus’. En sa moat it. Sels de rezjy yn hânnen hâlde, de saken opinoar ôfstimme, elkoar wat gunne, meiïnoar stean foar de saak en mei in helder, entûsjast ferhaal hieltyd op ‘e nij it ûnderwiis ferliede.

Moai dat der aanst op meardere manieren toetst wurde kin en dat soks yn in Europeesk (referinsje)ramt stiet. Wy bedriuwe hjir net wat hobby-fryskfoardefun-eigenaardichheden, wy meitsje it Frysk folwoeksen. Ja, yn it primêr ûnderwiis dogge wy beslist stappen foarút! It fuortset ûnderwiis sil aanst folgje, mar net as fansels. Dus dêr is noch in wrâld te winnen. (Wurdt fuortset!)

Moai dat Jannewietske de Vries op it lêste stuit noch besletten hie om even Drachten oan te dwaan. De ûnderwiisamtners wienen ek bliid ferrast! Moai dat eksplisyt neamd waard troch Henk Wilbers dat sy as deputearre dy meartaligens acht jier lang hieltyd wer op ‘e aginda set hat. Spitich dat it net ûnderstreke waard troch in grut bosk blommen!

It grapke mei de drones, de stands yn it (soms wat kâlde) Atrium, de 15 wurkwinkels, de lekkere broadsjes, de aardige minsken, de ynhâldlike ekspertize fan de ynlieders, it feit dat it ‘fergees’ wie… ja allegear positive dingen… Och, lytse dinkjes foar ferbettering sille der grif ek wêze, mar wat my oanbelanget: op nei 2016!

 

Laat een reactie achter