Lêzings oer de Fryske literatuer Nij is dat der dizze hjerst trije Frysktalige lêzings hâlden wurde oer Frysk-literêre ûnderwerpen. Organisaasje is yn hannen fan de Volksuniversiteit Fryslân. De lêzings wurde jûn yn Tresoar. Alfêst de data: Tongersdei 2 novimber: Meindert Reitsma: ‘Untdek de Fryske literatuer’; Op tongersdei 23 novimber komt Rutger Hoekstra om te fertellen oer ‘It Oera Linda Boek Hoe’t it kin dat it mysterieuze hânskrift út de Fryske Kanon yn safolle lannen safolle losmakke hat’. Op tongersdei 14 desimber folget Jelle Krol mei ‘De Earste Wrâldoarloch en West-Europeeske Minderheidstaalliteratuer’. Oanmelding en ynfo Foar de Fryskliterêre lêzings kin ynformaasje fûn wurde oer oanmelding op de webside fan de Volksuniveriteit Fryslân
Fryske literatuer; lêzingerige
Troch Volksuniversiteit Fryslân yn gearwurking mei Tresoar.
Kom yn ‘e kunde mei de Fryske literatuer op in leechdrompelige wize, ûntdek alles oer it Oera Linda-boek en ûntdek hoe’t fjouwer skriuwers foar de Twadde Wrâldoarloch harren minderheidstaal-literatuer op de ynternasjonale kaart set hawwe. De trije lêzings wurde yn ’t Frysk jûn. Tanksij in Powerpoint-presintaasje yn it Nederlânsk binne de lêzings goed te folgjen foar dielnimmers dy’t it Frysk minder goed behearskje. De lêzings binne foar alle trije tagelyk te boeken, mar kinne ek apart fan inoar dien wurde. Ynskriuwe kin hiel maklik fia Volksuniversiteit Fryslân of mei it ynskriuwformulier út de kursusbrosjuere.
Untdek de Fryske literatuer Wêr tinkst oan by de Fryske literatuer? Oan boeren, trekkers en kij? Of miskien witst dat it bestiet, mar seit it dy fierders neat. Dizze lêzing jout dy de mooglikheid om op in leechdrompelige manier yn de kunde te kommen mei de Fryske literatuer. Untdek wa’t de belangrykste skriuwers fan dit momint binne, hear mear oer de aktuele wearde fan Fryske boeken en ûnderfyn wat de sizzingskrêft fan literatuer yn ’t Fryk wêze kin. Gean de útdaging oan en stap de wrâld yn fan de Fryske literatuer. In wrâld dy’t faaks fier fuort liket, mar eins hiel tichtby is.
Lêzing | € 9,-
Ynlieder: Meindert Reitsma
Plak : Tresoar
Datum : to 2/11
Tiid : 19.45 – 21.45 oere
It Oera Linda Boek Hoe’t it kin dat it mysterieuze hânskrift út de Fryske Kanon yn safolle lannen safolle losmakke hat. Yn 1867 waard in mysterieus hânskrift ta bestudearring foarlein oan it Frysk Genoatskip. It wie Cornelis Over de Linden dy’t it hânskrift in oantal jierren dêrfoar krigen hat. It boek beskriuwt dat der al yn it jier 2000 foar Kristus in Fryske beskaving ûntstien wie dy’t as foarbyld jildde foar de beskavingen dy’t dêrnei kamen. Yn de jierren nei de ‘ûntdekking’ fan it boek wie der in soad diskusje oer de autentisiteit en wie men op syk nei de skriuwers. Ek yn it ynterbellum is it boek yn ‘e oandacht kaam en sels frij resint hat der ynteresse west yn it boek. Wat is no krekt dy universaliteit fan it boek?
Lêzing | € 9,-
Ynlieder: Rutger Hoekstra
Plak : Tresoar
Datum : to 23/11
Tiid : 19.45 – 21.45 oere
De Earste Wrâldoarloch en West-Europeeske Minderheidstaalliteratuer Ear’t de Earste Wrâldoarloch dien wie, sei de Amerikaanske presidint Woodrow Wilson folken yn Europa it rjocht fan selsbeskikking ta. Doe’t de fredesûnderhannelings yn 1919 úteinsetten wie der net allinne yn East- en Súd-Europa by lytse folken hope op mear selsbeskikking, mar likegoed yn gebieten as Bretagne, Wales en Skotlân en ek yn Fryslân. Yn de lêzing sil yngean wurde op de fraach hoe’t fjouwer skriuwers út dy lêstneamde gebieten (Roparz Hemon, Saunders Lewis, Hugh MacDiarmid en Douwe Kalma) har te skoar setten om – mei it each op in gruttere autonomy – harren minderheidstaalliteratuer op de ynternasjonale kaart te setten.
Lêzing | € 9,-
Ynlieder: Jelle Krol
Plak : Tresoar
Laat een reactie achter
Je moet ingelogd zijn om een reactie te geven.