Toetsen foar it Frysk

Frysk leare op skoalle is belangryk. Dat hawwe wy yn de wet ôfpraat: sûnt 1980 is Frysk ferplichte yn it basisûnderwiis en sûnt 1993 ek yn de basisfoarming fan it fuortset ûnderwiis. It is fansels wichtich om it Nederlânsk goed yn de macht te krijen, mar dêrom is ûnderwiis yn it Frysk as memmetaal of as twadde taal net minder belangryk (lês foar in oersicht fan de wittenskiplike befiningen: Baker, 2011). De kearndoelen wurkje derop ta, dat de learlingen har ek yn it Frysk mûnling en skriftlik goed rêde en útdrukke kinne. It Frysk is, lykas it Nederlânsk, in kultuertaal mei in standert, mei in stavering, taaleigen (idioom), grammatika, wurdboek, ensf.

Gelokkich kriget it Frysk hieltyd mear plak yn it ûnderwiis! Yn Fryslân is it provinsjaal bestjoer al sûnt 1907 warber mei in plak foar it Frysk yn it ûnderwiis, earst bûten skoaltiid. Yn 1937 waard it in fakultatyf fak yn de heechste klassen en fan 1955 ôf mocht Frysk brûkt wurde yn de leechste klassen foar it oanlearen fan lêzen, skriuwen en rekkenjen. Fan 2014 ôf hat it provinsjaal bestjoer it foech oerkrigen fan de ryksoerheid om de kearndoelen fêst te stellen en te feroarjen. De lêste 20 jier binne der hieltyd mear ûntjouwingen yn it ûnderwiis dêr’t it Frysk in plakje kriget njonken it dominante Nederlânsk. Sa wurdt Frysk njonken it Nederlânsk en it Ingelsk brûkt as lestaal sûnt 1997 yn de Trijetalige Basisskoalle (3TS), en sûnt 2010 yn de meartalige stream (MFÛ) yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. It moaie is dat der hieltyd mear trijetalige skoallen bykomme, der binne no sa’n 70 trijetalige basisskoallen.

Foar skoallen is der lesmateriaal beskikber foar it Frysk. Der binne foar it Frysk prachtige lesmetoaden makke, sa as Studio F en Freemwurk, dy’t ek omtinken jouwe oan de klassen mei in mingde gearstalling fan memmetaal; dat betsjut differinsjaasje. Der is Fryske skoaltelefyzje, der binne Frysktalige tydskriften foar bern en jongerein, skoalle-eveniminten lykas in Frysk sjongfestival.

Mar neffens it ynspeksjerapport ‘Tusken winsk en wurklikheid’ (Ynspeksje fan it ûnderwiis, 2010) ûntbruts der noch ien ding.  Der binne te min ynstruminten om de learopbringsten op it mêd fan it Frysk te mjitten. Der binne wol ôfslutende en diagnostyske toetskes by de lesmetoaden, en der is foar groep 8 it jierliks skoaleksamen (fan Tsjek) en de Citotoets begripend lêzen (2011). Mar it ûntbrekt oan gearhing. Boppedat binne de toetsen, op dy iene Citotoets nei, net noarmearre. It docht bliken dat der ferlet is fan in folchsysteem om de learopbringsten yn kaart te bringen. Net allinnich foar de ynspeksje, mar ek foar dosinten en skoallelieders. Sa’n systeem kin helpe om dy ûntjouwing fan it Frysk learen by bern yn kaart te krijen, en dêrmei om it fak Frysk better stâl te jaan en oer de hiele provinsje de leardoelen goed ôfstimme te kinnen. Dizze oanpak slút oan by it opbringstrjochte wurkjen, dat hjoed de dei in belangryk plak ynnimt op de skoallen (Riemersma & Jonkman, 2014).

It projekt Evaluaasjesysteem foar it Frysk
It ferlet fan in folchsysteem mei noarmearre toetsen, hat de oanlieding west ta it projekt Evaluaasjesysteem foar it fak Frysk (2014-2016). Sintraal yn dit projekt stiet dat it Evaluaasjesysteem in digitaal ynstrumintarium wurdt. Sa sil der in digitaal learlingfolchsysteem boud wurde, dêr’t alle resultaten fan de ynstruminten yn opnommen wurde kinne. Der komme observaasjeynstruminten foar byg. sprekbeurten yn it Frysk. In nije digitale lesmetoade is no al yn bêtaferzje yn gebrûk ûnder de namme Searje36, foar klasse 1 fan it fuortset ûnderwiis. Yn dit systeem wurde de metoadetoetsen yntegrearre. En der komme ek noarmearre metoadeûnôfhinklike toetsen sa as lêsbegrypstoetsen en in taalkennistoets Frysk ûnder de namme Frisiatoets (sjoch foar de Frisiatoets: Jonkman, 2013).

It projekt wurdt útfierd troch in konsortium fan de Afûk, Cedin, en twa lektoraten: Taalgebruik & Leren (NHL) en Frysk en Meartaligens (NHL/Stenden). It lektoraat Frysk en Meartaligens fersoarget de noarmearre toetsing, foar taalkennis en foar lêsbegryp. De toetsen lêsbegryp binne ornearre foar groep 6 oant en mei klasse 3.

De rol fan it ERK
Foar it projekt is keazen om gebrûk te meitsjen fan it ERK as referinsjeramt by it toetsen en observearjen. It Europeesk Referinsjeramt (ERK) bestiet út 6 nivo-oantsjuttings fan taallearen: A1, A2, B1, B2, C1, C2. Dy seis nivo’s binne troch Stichting Leerplanontwikkeling (SLO) útwurke yn in referinsjeramt foar it Frysk: itrrF. Dêr kinne yndividuele learlinen mei oantsjutten wurde. Wat better men in taal behearsket, wat heger oantsjutting men kriget. Mar dizze oantsjuttingen steane los fan learjierren of skoalnivo’s. Omdat it ferskil yn nivo Frysk hiel grut is binnen ien klasse, ûnder oaren fanwegen de ferskillen yn taaleftergrûn, is keazen om learlinen yndividueel oantsjutte te kinnen mei in ERK, it rrF. Dêrneist wurde dy nivo-oantsjuttings ek ynternasjonaal brûkt om taallearnivo’s oan te tsjutten. Sa wurdt it makliker foar in learling om syn nivo Frysk op te nimmen yn in Europeesk taalportfolio, lykas Europass. Dat stipet fansels de learling ek by de fergeliking fan it nivo mei dat fan Ingelsk en oare talen én stipet it ynsjoch dat it Frysk likegoed in folweardige Europeeske taal is.

De foardielen fan digitaal toetsen
It digitaal ôfnimmen fan toetsen besparret in learkrêft in protte neisjochwurk. Neisjen mei behelp fan de kompjûter giet meastentiids in stik makliker, foaral as der gebrûk makke wurdt fan mearkarfragen. De kompjûter kin mearkarfragen of ienfâldige ynfolfragen sels neisjen, en in skoare kin dêrtroch hiel flot berekkene wurde. Sa hâldt in learkrêft mear tiid oer foar it jaan fan ûnderwiis. Foar de posysje fan it Frysk is dat hiel wichtich, omdat Frysk foar skoallen faak net te folle tiid kostje mei. Dêrneist hawwe de measte dosinten ek net sa’n ferlet fan in protte neisjochwurk, en is dizze wize fan neisjen in belangrike stimulâns foar de motivaasje fan learkrêften foar it Frysk.

As de kompjûter de toetsen neisjocht, dan binne de resultaten objektiver en better ûnderling fergelykber. De toetsen wurde allegearre troch deselde ‘korrektor’ (= de kompjûter) neisjoen, en dy is foar alle learlingen like strang. Dêrtroch kinne resultaten troch hiel Fryslân hinne mei-inoar ferlike wurde en noarmearre wurde.

Digitale resultaten kinne ek makliker ynfierd wurde yn in learlingfolchsysteem. By opbringstrjochte wurkjen, dat de oerheid dizze dagen hiel wichtich fynt, heart ek it byhâlden fan in learlingfolchsysteem. Mei sa’n systeem kin learûntwikkeling troch de jierren hinne, maklik ynsichtlik makke wurde yn grafykjes en tabellen. Trochdat resultaten al digitaal beskikber binne, hoege dy ek net mear hânmjittich ynfierd te wurden yn de kompjûter.

Mei ien sintraal folchsysteem foar it Frysk kinne de resultaten Frysk fan de basisskoalle ek makliker meinommen wurde nei it fuortset ûnderwiis. De resultaten wurde keppele oan in learling fia syn akkount. Dat akkount nimt er alle jierren mei. Sa kin de trochgeande learline Frysk fan de basisskoalle trochgean op de middelbere skoalle, sûnder dat de learling wer ‘op ‘e nij’ begjinne moat yn klasse 1. Yn begjinsel kin de dosint Frysk yn klasse 1 dan sjen hoefier’t syn learlingen binne, en op grûn fan dy gegevens ûnderwiis op maat biede.

 Ta beslút
Op woansdei 22 april 2015 fynt it ûnderwiiskongres Meartaligens plak, dêr’t it referinsjeramt Frysk (rrF) presintearre wurdt en in priuwke jûn wurdt fan de toetsynstruminten en it folchsysteem dy’t no yn de maak binne. Dit kongres is fergees tagonklik foar elkenien, wol earst efkes opjaan. Sjoch foar fierdere ynformaasje oer it projekt ESF op: http://evaluaasjesysteemfrysk.nl/

Oarspronklik públisearre op 16 april 2015, op skanomodu.nl

Literatuerferwizings

Baker, C. (2011), Foundations of Bilingual Education and Bilingualism, Bristol: Multilingual Matters.

Jonkman, R.J. (2013), Wêrom moatte der toetsen komme foar it Frysk?, Ljouwert: De Moanne.
(sjoch ek: http://www.demoanne.nl/werom-moatte-der-toetsen-komme-foar-it-frysk/)

Riemersma, A.M.J., en Jonkman, R.J. (2014), ‘Drietalig onderwijs in Fryslân en opbrengst gericht leren’, In: Klaas-Wybo van der Hoek en Herman Blom (red.),Nieuwe nieuwsgierigheid. Oogst van Stendenonderzoek in artikelen. Pp. 257-270.

Ynspeksje fan it Underwiis, (2010), Tusken winsk en wurklikheid, Utert: Ynspeksje fan it Underwiis.

 

Laat een reactie achter