Author: Mirjam Vellinga

Online feestje foar Frysk en oare lytse talen. Brûk op 26 septimber #Frysk en #EDL2017 op social media en doch mei!

It is hast safier! Op tiisdei 26 septimber is it Fryske Social Media Dei. De Fryske Social Media Dei is ûnderdiel fan de Ynternasjonale Social Media Dei foar Lytse Talen. Yn tsjinstelling ta de eardere Fryske Twitterdei is dit net allinne in Frysk feestje mar dogge ek tal fan oare organisaasjes út mear as 16 oare regio’s yn Europa. Under oaren Baskelân, Ierlân, Malta, Kataloanië, de Sorben, Friulië, Cornwall, Wales en Galisië sille meidwaan.

Beide inisjativen wurde organisearre troch de minsken fan de Praat mar Frysk-kampanje fan de Afûk.

“Mei dizze aksje wolle wy de drompels om it Frysk te brûken fuortnimme en it brûken fan it Frysk op social media lykas Twitter, Facebook en Instagram stimulearje. Earder hiene wy fansels de Fryske Twitterdei, mar dat wurdt no dus in stik breder. Dêrneist litte wy sa it ferskaat oan lytse talen yn Europa sjen op Social Media en lizze wy ferbiningen tusken de ferskillende mienskippen.” seit Mirjam Vellinga, projektlieder fan Praat mar Frysk. “Elke mienskip sil besykje om syn taal yn syn lân sa goed mooglik foar it fuotljocht te bringen op social media en dêr helpe wy inoar by.”

Meet and Greet estafette

Troch de dei hinne steane de ferskillende talen dy’t meidogge in heal oere sintraal. Alle oare dielnimmende taalmienskippen begroetsje dy taalmienskip dan yn harren eigen taal. “It Frysk stiet tusken 12.30 en 13.00 oere sintraal. It is allegear wat in eksperimint fansels, dat wy sille sjen hoe’t it giet. It wurdt grif in moai online feestje foar elkenien dy’t it Frysk en oare lytse talen in waarm hert tadraacht.”

Meet and Greet idea

#Frysk en #EDL2017

Foar Fryslân dogge der wer in soad bekende Friezen, ynstellings en bedriuwen mei lykas: Jorrit Bergsma, Iris Kroes, Lutz Jacobi en it MCL, Omrop Fryslân, Mercator, Tresoar, Ziggo Nederland en Arriva.

De mienskiplike #hekstek foar alle dielnimmende talen is #EDL2017 (European Day of Languages 2017).

Mear ynformaasje is ek te finen op www.thisismylanguage.eu

  • Talepaviljoen

Afûk en BUOG bouwe in Talepaviljoen yn de Ljouwerter Prinsetún

Lân fan taal kriget yn 2018 in bysûnder Talepaviljoen op in bysûnder plak. Yn 2018 wurdt de Prinsetún in Taletún mei it Talepaviljoen as sintraal moetingsplak. De Afûk jout yn gearwurking mei BUOG stal oan dizze ‘húskeamer’ – ek wol ‘livingroom of languages’ – fan Lân fan taal dêr’t it publyk op alderhande wizen yn ‘e kunde komme kin mei de ferskillende (lytse) taalmienskippen yn Europa, Nederlân, Fryslân en Ljouwert.

Twa froulju

Yn de Prinsetún ferriist yn 2018 in tydlik (memme)taalpaviljoen yn de foarm fan twa frouljusfigueren. It stiet symboal foar de memmetaal en meartaligens. Kees Botman en Pieter Stellingwerf fan BUOG binne ferantwurdlik foar it ûntwerp en sjogge it sa: ‘ Besikers lizze bûten harren taal ôf en krûpe ûnder de rok fan mem. De romte is iepen, útnûgjend en hat in waarm karakter. It is in feilich plak dêr’tst mei in iepen blik yn de kunde komme kinst mei oare minsken en mienskippen. Dat  kriget noch in ekstra diminsje trochdat it hoarekapersoniel dôf is.’

Gearwurking mei HoorFriesland en Friese Poort

HoorFriesland is ít sintrum yn Fryslân foar dôven en minsken mei gehoarproblemen en soarget foar de besetting fan it paviljoen mei gasthearen/-froulju. ‘Wy wolle dat ek dizze minsken heard wurde en dat ús besikers harren der fan bewust wurde dat taal mear is as it sprutsen wurd.’ Besikers moatte neitinke oer hoe’t sy mei de gasthearen en gastfroulju kommunisearje. Se moatte werom nei de basis fan kommunikaasje en erfare hoe’t is om ‘sprakeleas’ te wêzen.’

Neist HoorFriesland is ROC Friese Poort ek in belangrike gearwurkingspartner. Sa wurkje der studinten fan ferskillende opliedingen yn de Bou en Ynfra mei oan it Talepaviljoen.

Taalmienskippen

Alle wiken stiet der yn it Talepaviljoen in taal sintraal. Njonken it Frysk binne dat streektalen en dialekten út Fryslân en Nederlân, lytse talen út Europa en de talen dy’t yn Ljouwert praat wurde.

De ferskillende taalmienskippen hawwe in wike lang de mooglikheid om harren taal en kultuer te presintearjen troch bygelyks muzyk, teater, poëzy, storytelling en lêzingen, mar ek om besikers yn ‘e kunde komme te litten mei lokale gerjochten en – gebrûken. Yn totaal dogge sa’n 30 taalmienskippen mei oan it programma fan it Talepaviljoen.

Poadium

Der is altyd libben yn it paviljoen. Op tongersdeitejûnen en sneintemiddeis is der in programma dat fersoarge wurdt troch de taalmienskip dy’t dy oanbelangjende wike sintraal stiet. Troch de wike is der romte foar skoalgroepen en kinne besikers  der terjochte foar in hapke en in drankje en in potsje Scrabble. Fierder tsjinnet it paviljoen as lokaasje foar alderhande besteande en nije inisjativen dy’t rjochte binne op Lân fan taal, lykas liveútstjoerings en registraasjes fan radio/tv, literêre jûnen, Werelddovendag, taalkafees, ensfh. Dêrneist binne yn en by it paviljoen eksposysjes te sjen dy’t mei meartaligens, taal en emoasje te krijen hawwe, dêr’t de besikers ek in bydrage oan leverje kinne.

It Talepaviljoen is iepen fan 30 maart oant en mei 28 oktober 2018 en is alle dagen iepen.