Sille jo as toanielferiening in nij Frysktalich stik op ‘e planken bringe? Dan kinne jo oant en mei 29 septimber 2017 subsydzje oanfreegje foar it skriuwen fan it toanielstik. Neist Frysk komme Fryske streektalen lykas it Biltsk of it Stellingwerfsk ek yn ‘e beneaming. Mear witte oer de regeling Frysktalige literatuer? Sjoch op de webside fan […]
Category: Geen categorie
Impuls voor kwaliteit basisonderwijs door project Boppeslach
Ofrûne wike waard it rapport oer it projekt Boppeslach presintearre. It parseberjocht oer dit rapport kinst hjir ûnder lêze. Wat is dyn ûnderfining mei it projekt Boppeslach? Skriuw it yn in reaksje op dizze blog! It ûnderwiisprojekt Boppeslach hat in positive bydrage oan de ûnderwiiskwaliteit fan de dielnimmende skoallen levere. Dat konkludearret de Fryske Akademy yn […]
Ferslach oerlis oer Stream
Op 13 juli jl. kwamen we met een aantal mensen bij elkaar om de pilot Stream te evalueren. Hieronder lees je de belangrijkste punten van het overleg. Heb je aanvullingen, vragen of andere zaken? Reageer dan op deze blog. Evaluatie pilot Het is lastig tijd vinden om content te plaatsen op Stream. Om te zorgen […]
Subsydzje beskikber foar promoatsjen Frysktalige boeken
Organisaasjes dy’t in goed idee hawwe foar it promoatsjen fan Frysktalige boeken, kinne noch oant en mei 31 augustus 2017 subsydzje oanfreegje by de provinsje Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje oer de regeling promoasje Frysktalige boeken op de provinsjale webside.
Fryslân siket in Dichter fan Fryslân
Wa wurdt de earste Dichter fan Fryslân? De dichter wurdt frege om yn dichtfoarm te reagearjen op wat der hjoed-de-dei yn Fryslân spilet. De earste Dichter fan Fryslân wurdt op freed 24 novimber 2017 bekend makke. Wêr wurde wy stil fan? Wat docht ús hert bûnzjen? Wêr wurde wy domwei lilk oer? Wat stimt ta […]
Afûk en BUOG bouwe in Talepaviljoen yn de Ljouwerter Prinsetún
Lân fan taal kriget yn 2018 in bysûnder Talepaviljoen op in bysûnder plak. Yn 2018 wurdt de Prinsetún in Taletún mei it Talepaviljoen as sintraal moetingsplak. De Afûk jout yn gearwurking mei BUOG stal oan dizze ‘húskeamer’ – ek wol ‘livingroom of languages’ – fan Lân fan taal dêr’t it publyk op alderhande wizen yn ‘e kunde komme kin mei de ferskillende (lytse) taalmienskippen yn Europa, Nederlân, Fryslân en Ljouwert.
Twa froulju
Yn de Prinsetún ferriist yn 2018 in tydlik (memme)taalpaviljoen yn de foarm fan twa frouljusfigueren. It stiet symboal foar de memmetaal en meartaligens. Kees Botman en Pieter Stellingwerf fan BUOG binne ferantwurdlik foar it ûntwerp en sjogge it sa: ‘ Besikers lizze bûten harren taal ôf en krûpe ûnder de rok fan mem. De romte is iepen, útnûgjend en hat in waarm karakter. It is in feilich plak dêr’tst mei in iepen blik yn de kunde komme kinst mei oare minsken en mienskippen. Dat kriget noch in ekstra diminsje trochdat it hoarekapersoniel dôf is.’
Gearwurking mei HoorFriesland en Friese Poort
HoorFriesland is ít sintrum yn Fryslân foar dôven en minsken mei gehoarproblemen en soarget foar de besetting fan it paviljoen mei gasthearen/-froulju. ‘Wy wolle dat ek dizze minsken heard wurde en dat ús besikers harren der fan bewust wurde dat taal mear is as it sprutsen wurd.’ Besikers moatte neitinke oer hoe’t sy mei de gasthearen en gastfroulju kommunisearje. Se moatte werom nei de basis fan kommunikaasje en erfare hoe’t is om ‘sprakeleas’ te wêzen.’
Neist HoorFriesland is ROC Friese Poort ek in belangrike gearwurkingspartner. Sa wurkje der studinten fan ferskillende opliedingen yn de Bou en Ynfra mei oan it Talepaviljoen.
Taalmienskippen
Alle wiken stiet der yn it Talepaviljoen in taal sintraal. Njonken it Frysk binne dat streektalen en dialekten út Fryslân en Nederlân, lytse talen út Europa en de talen dy’t yn Ljouwert praat wurde.
De ferskillende taalmienskippen hawwe in wike lang de mooglikheid om harren taal en kultuer te presintearjen troch bygelyks muzyk, teater, poëzy, storytelling en lêzingen, mar ek om besikers yn ‘e kunde komme te litten mei lokale gerjochten en – gebrûken. Yn totaal dogge sa’n 30 taalmienskippen mei oan it programma fan it Talepaviljoen.
Poadium
Der is altyd libben yn it paviljoen. Op tongersdeitejûnen en sneintemiddeis is der in programma dat fersoarge wurdt troch de taalmienskip dy’t dy oanbelangjende wike sintraal stiet. Troch de wike is der romte foar skoalgroepen en kinne besikers der terjochte foar in hapke en in drankje en in potsje Scrabble. Fierder tsjinnet it paviljoen as lokaasje foar alderhande besteande en nije inisjativen dy’t rjochte binne op Lân fan taal, lykas liveútstjoerings en registraasjes fan radio/tv, literêre jûnen, Werelddovendag, taalkafees, ensfh. Dêrneist binne yn en by it paviljoen eksposysjes te sjen dy’t mei meartaligens, taal en emoasje te krijen hawwe, dêr’t de besikers ek in bydrage oan leverje kinne.
It Talepaviljoen is iepen fan 30 maart oant en mei 28 oktober 2018 en is alle dagen iepen.
Frysk op ‘e Dyk yn Terherne
De minsken fan PraatmarFrysk hawwe Terherne in stikje Frysker en leuker makke! Besjoch hjir it filmke.
Minder Frieszinnig, meer meertalig
Inwoners van Fryslân zien zichzelf minder als Frieszinnig en meer als meertalig. Dit blijkt uit de rapportage Taal yn Fryslân: de folgjende generaasje. Friezen staan soepel tegenover het gebruik van zowel Fries als Nederlands. Van een echte taalstrijd in de provincie, is geen sprake. Uit het onderzoek blijkt dat het gebruik van het Fries terugloopt, […]
Provinsje rikt sertifikaten Frysk út op it Nordwin College Snits
16 MBO studinten fan it Nordwin College yn Snits hawwe tiisdei 11 july 2017 in sertifikaat Frysk yn ûntfangst nommen fan Provinsje Fryslân. In prestaasje, want mei it sertifikaat kinne sy sjen litte dat se it Frysk goed ferstean en/of prate kinne yn de beropssituaasje.
Fryske taal op strjitte, iepenbiere romte of webside
Hasto in goed idee foar it fergrutsjen fan de sichtberens fan de Fryske taal op strjitte, yn iepenbiere romte of op in webside? Dan kinst noch oant en mei 31 augustus 2017 subsydzje oanfreegje by de provinsje Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje oer de regeling Frysk taalgebrûk op de webside fan de provinsje.